Gjin wyn: lêste dei silerij Snitswike skrast

06 aug 2015 - 14:30

Troch in gebrek oan wyn binne de sylwedstriden tongersdei op de lêste dei fan de Snitswike stillein. De dielnimmers dy't woansdei nei de hurdsyldei boppe-oan stienen, binne no definityf winner.

De lieding lei de wedstriden krekt nei 10.30 oere foarlopich stil. It startskip kaam dêrnei werom nei de wâl. Om 13 oere wie it ôfblazen fan de wedstriden definityf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)