Gjin wyn, gjin skûtsjesilen

01 aug 2011 - 15:22
  • De rûte op de Wide Ie

De twadde wedstriid fan it SKS-skûtsjesilen moandei op de Wide Ie by De Feanhoop is nei krapoan in oere ôfblaasd. De wyn foel hielendal fuort en de skûtsjes kamen net mear foarút. Op dat stuit lei Berend Mink mei d'Heale Moanne foarop. Mink sei begryp te hawwen foar it beslút.

Neffens de regleminten wurdt in wedstriid dy't de earste wike net trochgiet, ynhelle op de Hegemer Mar by Wâldsein. Dat sil wêze op de rêstdei, kommende freed.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)