'Gjin wyldgroei GSM-mêsten'

30 aug 2001 - 00:00

De gemeente Smellingerlân wol net dat der op ferskate plakken fan ferskate providers stjoermêsten oanlein wurde foar it GSM-telefoanferkear.

De stjoermêst yn Drachtster Kompanije mei bliuwe. Dutchtone hat yn Drachten in fergunning oanfrege foar in nije stjoermêst. Dizze moat komme op it parkearterrein fan fuotbalferiening ONB. It is noch net wis of dy der ek komt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)