Gjin wurk foar pardonners

18 maaie 2009 - 22:29

Hûnderten Fryske generaal pardonners drige de dupe te wurden fan de ekonomyske resesje. Twa jier neidat tûzenen flechtlingen tagelyk in ferbliuwsfergunning krigen, hawwe noch hieltyd in soart fan harren gjin wurk.

Noch mar 120 fan de 900 Fryske pardonners hawwe in baan fûn. Flechtlingewurk Noard-Nederlân ropt dêrom de lokale polityk en de Fryske gemeenten op om te helpen. Neffens de organisaasje binne de besteande regelingen net geskikt foar dizze groep.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)