"Gjin wrâldrestaurant sûnder goed plan fan de gemeente"

26 okt 2015 - 22:32
  • Hoarekadiskusje yn Ljouwert lûkt soad belangstelling

Der moat gau in fisy komme op de ûntwikkeling fan it WTC-gebiet yn Ljouwert. As dy der is, wol de gemeenteried fan Ljouwert prate oer de mooglike komst fan in wrâldrestaurant. Der binne plannen foar sa'n wrâldrestaurant yn it âlde gebou fan it CJIB oan de Heliconwei.

De besteande hoareka yn de Ljouwerter binnenstêd is benaud foar leechrin. De ûndernimmers fine dat sa'n grutte ûndernimming in plak krije moat yn de binnenstêd. Der binne mear soargen by de hoarekaûndernimmers.

Sa binne se benaud foar ûnearlike konkurrinsje fan it nije poppoadium Neushoorn. Koninklijke Horeka Nederlân easket opheldering oer de betingsten dy't it poppoadium hat oan de eksploitaasje fan de hoareka yn it gebou.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)