Gjin WK yn Hamar foar Ids

24 jan 2004 - 00:00

De manlju moasten sneon foar de skate-off op it Fean de 1500m en de fiif kilometer ride. De striid foar in startbewys yn Hamar gie tusken Romme, Van der Rijst, Ritsma, Postma, Prinsen en De Jong.

Ids Postma bedarre yn it klassemint op in fjirde plak, nei Tom Prinsen, Gianni Romme en Bob de Jong. Dat betsjut dat Postma lykas op it EK ek ôfwêzich is op it WK yn Noarwegen. Foar him is it seizoen foarby.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)