Gjin wizigings by fit Cambuur

15 sep 2011 - 12:57
  • Alfons Arts (foto: Dirk Jan Haarsma, Omrop Fryslân)

Sportklup Cambuur spilet freed yn de útwedstriid tsjin Dordrecht yn deselde opstelling as de lêste twa wedstriden. Tsjin Fortuna Sittard en Volendam waard wûn mei 3-1 en 4-1 en dus sjocht de technyske stêf gjin oanlieding om te wikseljen.

De spilers dy't tsjin Volendam mei lichte blessueres útfoelen (De Leeuw, Schepers en Vosselman) binne ek ynsetber. Allinnich Marco van der Heide is noch blessearre. Robert van Boxel mist noch wedstriidritme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)