Gjin winterskea kwekerijen

17 mrt 2013 - 15:47

It oanhâldende winterwaar soarget oant no ta net foar in soad skea yn de kwekerijsektor. Dat seit Auke Kleefstra, ien fan de ûndernimmers op fruit- en beamkwekerij It Griene Nêst yn Sumar. Neffens Kleefstra is de winter fan dit jier net te fergelykjen mei dy fan ferline jier doe't der wol in soad skea wie. Oarsaak wie doe in langere mylde perioade yn jannewaris folge troch in perioade mei strange froast. Planten en beammen wiene al útrûn en befrearen dêrnei. Dit jier winteret it hieltyd wat troch en dêr kinne de planten goed oer.

De sachte perioade fan twa wike lyn wie foar planten en beammen te koart om út te rinnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)