Gjin winner by SC Hearrenfean-PEC Zwolle

29 aug 2015 - 21:36
  • Keeper Erwin Mulder yn aksje
  • Doelpuntemakker Sam Larsson (rjochts)

Sportklup Hearrenfean moat foar de tredde kear dit seizoen in gelyk spul byskriuwe. PEC Zwolle koe yn it Abe Lenstra stadion de thúsploech op 1-1 hâlde. Sam Larsson soarge mei in prachtige betide goal yn de fjirde minút foar de Feanster foarsprong. De thúsploech wie better mar slagge der net yn de skoare te fergrutsjen. Lars Veldwijk makke yn de 59e minút de lykmakker. Dêrnei wie de wedstriid folle mear yn it lykwicht. Beide ploegen krigen kânsen, mei de bêste mooglikheden foar PEC Zwolle, mar it bleau 1-1.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)