Gjin Wetterhelp Fryslân mear

28 mrt 2014 - 12:00

De stifting Wetterhelp Fryslân is freed opheft. De stifting makke sûnt 2009 diel út fan it Fryske projekt 'Schoon water voor Mozambique'. Mei de aksjes fan Wetterhelp Fryslân binne de ôfrûne jierren toiletgebouwen boud dy't brûkt wurde troch sa'n sântûzen learlingen yn Mozambyk. It wetterprojekt, mei meiwurking fan de provinsje, Vitens, de Fryske gemeenten en it ministearje fan bûtenlânske saken, rint noch oant ein dit jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)