'Gjin weryndieling eilannen'

01 jan 2012 - 16:53

De provinsje moat gjin twifels siedzje oer gemeentlike weryndieling fan 'e Fryske Waadeilannen. Dat sei in lilke boargemaster Haan fan Flylân sneintemiddei yn syn nijjierstaspraak. Twa wiken lyn makke deputearre Schokker bekend dat der yn 2015 in weryndieling komme moat yn Noardwest-Fryslân.

Ek sei sy ek dat der nochris nei de posysje fan Flylân, Skylge, It Amelân en Skiermûntseach sjoen wurde moat. Neffens Haan binne der dúdlike ôfspraken makke oer de posysje fan de Waadeilannen, mei sawol de provinsje as de minister fan ynlânske saken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)