Gjin Weissensee foar Bergsma

31 jan 2011 - 20:38
  • Jorrit Bergsma doe't hy ferline jier Nederlânsk kampioen waard op 'e Súdlaardermar

Reedrider Jorrit Bergsma fan Aldeboarn docht woansdei net mei oan it iepen Nederlânsk kampioenskip maraton op de Weissensee yn Eastenryk. Ek oan de alternative alvestêdetocht dy't sneon riden wurdt, docht hy net mei. Ferline jier wûn Bergsma dizze 200 km. Bergsma hat koarts en doart it net oan om te riden.

Ofrûne wykein moast de rider fan de BAM-ploech fanwege koarts ek al ôfsizze foar de 5 km by de wrâldbeker yn Moskou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)