Gjin wedstriden foar Postma

28 aug 2013 - 16:30
  • Pieter-Jan Postma

Siler Pieter-Jan Postma hat woansdei net de kâns krigen om syn 14e posysje op it WK yn de Finn-klasse te ferbetterjen. De wedstriden binne in dei opskood om't der te min wyn stie. It WK is yn Estlân.

De silers komme yn de foarrondes tsien kear yn aksje, de bêste tsien fan de ranglist geane nei de medaljerace op sneon.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)