Gjin WB-finale Sven Kramer

10 mrt 2010 - 15:24
  • Sven Kramer komt net yn aksje

Sven Kramer docht it kommende wykein net mei oan de wrâldbekerfinale op It Hearrenfean. De Olympysk kampioen op de 5 kilometer hat in ynfeksje oan de luchtwegen. Kramer soe yn Thialf útkomme op de 5 kilometer en op de ploege-achterfolging. De kâns is no grut dat Bob de Jong it einklassemint op de 5000 meter wint.

Kramer rjochtet him no op it WK allround. Dat toernoai is in wike letter. Foar de fjirde kear op rige kin Sven Kramer dan wrâldkampioen wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)