Gjin wâldmûntsjes yn T'diel

02 mrt 2009 - 19:36

It kolleezje fan Tytsjerksteradiel hat besletten om de proef mei lytsskalige wynturbines, de saneamde wâldmûntsjes, net troch te setten. Ut ûndersyk is dúdlik wurden dat de ferwachte opbringst fan de wâldmûntsjes te leech is. It plan wie ûnderdiel fan de plannen om enerzjy te besparjen en de útstjit fan CO2 werom te bringen.

Yn Seelân wie in proefopstelling makke mei ferskillende turbines, mar de útkomsten binne dus sa dat besluten wurde moast om de proef ôf te blazen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)