Gjin Vogelzangprojekt Drachten

22 sep 2012 - 11:25
  • Vogelzang Drachten

Oan de Vogelzang yn Drachten komt gjin parkeargaraazje mei wenten en winkels. De gemeente Smellingerlân en projektûntwikkeler Konst hawwe de stekker út it projekt lutsen. Oan de lokaasje by it âlde busstasjon fan Drachten moasten tsientallen apparteminten en winkels komme, mar neidat it plan om finansjele redenen oanpast wie, sjogge de partijen it no hielendal net mear sitten.

Neffens wethâlder Nieske Ketelaar betsjut it skrassen fan it projekt net dat de gemeente der finansjeel by ynsjit. Wol is se teloarsteld dat it net troch giet.

De gemeente sil noch mei ûntwikkeler Konst om 'e tafel wat der noch wol mooglik is oan de Vogelzang yn Drachten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)