Gjin útwreiding kombykaart

16 sep 2010 - 12:32

De gemeente Hearrenfean sjocht neat yn in útwreiding fan de kombinaasjekaart foar fuotbalsupporters. De CDA-fraksje hie de gemeente dêr om frege as oplossing tsjin it geweld by wedstriden fan SC Hearrenfean, nei't PSV-supporters earder dit jier yn it sintrum de boel op stelten setten.

Neffens de gemeente mei de regeling allinnich brûkt wurde as yn it foar tocht wurdt dat geweld brûkt wurde sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)