Gjin útsûndering Hinnepykje

05 mrt 2014 - 20:08
  • Pjutteboartersplak It Hinnepykje

Der komt gjin útsûnderingsposysje foar bernedeiferbliuw It Hinnepykje yn Snits. Dat hat minister Asscher fan Sosjale Saken witte litten oan de Twadde Keamer. Dat betsjut dat It Hinnepykje betelle krêften oannimme moat en net langer allinnich mei frijwilligers wurkje mei. De brief fan de minister folget op krityske fragen yn de Keamer oer It Hinnepykje.

Sa fine D66, it CDA en Grienlinks dat foar It Hinnepykje in úttsûndering makke wurde moat, benammen ek omdat dit beslút betsjut dat It Hinnepykje ek subsydzje oanfreegje moat.

Letter dizze moanne is der noch in debat yn de Twadde Keamer oer de bernedeiferbliuwen en it CDA is fan doel om dan opnij oandacht te freegjen foar It Hinnepykje. Sy hoopje dan ek stipe te krijen fan de PvdA en dêrmei dochs in mearderheid foar in útsûnderingsposysje te krijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)