Gjin útspraak trainersrel

23 jun 2011 - 23:10
  • Peter Meindertsma yn syn tiid by de Harkemase Boys (foto: sportfoto.nl)

Harkemase Boys en âld-trainer Peter Meindertsma moatte uterlik moandei in akkoart hawwe oer de finansjele ôfwikkeling fan it kontrakt. Dat hat de arbitraazjekommisje yn Zeist tongersdeitejûn besletten.

Meindertsma krige ein maart nei in tal minne resultaten dien by de klup. Hy seit dat er flak foar dat momint in kontrakt foar takom jier tasein krigen hie. Harkemase Boys ûntkent dat. Komme de partijen der net út, dan docht arbitraazjekommisje útspraak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)