Gjin útspraak saak ytpiraat

05 mrt 2009 - 15:50

De rjochter is tongersdeitemiddei net ta in útspraak kaam yn de saak fan de ytpiraat. Der moat earst útsocht wurde of de fertochte in tbs-behanneling sûnder betingsten krije kin. De 53-jierrige oplichter út Noard-Hollân soe tusken 2006 en 2008 by sa'n 75 campings, bêd en brochjes en hotels iten en oernachte ha sûnder te beteljen.

It Iepenbier Ministearje easket fiif en in heal jier selstraf. Binne trije moanne komt de saak wer foar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)