Gjin útspraak oer aaisykjen

08 feb 2011 - 10:07
  • De diskusje oer it aaisykjen hâldt oan

Der komt tiisdei gjin útspraak yn de boaiemproseduere dy't de Faunabeskerming oanspand hat tsjin de provinsje. Dy proseduere wie oanspand tsjin de ûntheffing dy't de provinsje jûn hat foar it ljipaaisykjen.

Harm Niessen fan Faunabeskerming hie frege om hjoed útspraak te dwaan ynstee fan 8 maart. Dy datum is neffens Niessen te let om noch yn heger berop gean te kinnen foardat it aaisykjen begûn is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)