Gjin ûntslaggen De Friesland

04 des 2013 - 17:46
  • Kantoar fan De Friesland yn Ljouwert

De reorganisaasje by fersekerder Achmea hat gjin gefolgen foar De Friesland Zorgverzekeraar. Dat seit in wurdfierder fan de Fryske soarchfersekerder. Hoewol't De Friesland wol oernommen is troch Achmea, fart it in eigen koers as autonoom bedriuw binnen Achmea. De Friesland Zorgverzekeraar sels is in sûn bedriuw, neffens de wurdfierder.

Achmea makke woansdei bekend lanlik 4000 banen te skrassen. Earder waarden al 2500 banen skrast. Yn Ljouwert wurkje sa'n 1500 by it konsern fan Achmea. Lanlik hat de fersekerder 19.000 meiwurkers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)