Gjin ûntslaggen by CSS Fryslân

15 feb 2002 - 00:00

Der sil gjin personiel dien krije by de trije CSS-festigings yn Fryslân. Freed is bekend wurden dat de festigings yn Boalsert en Ljouwert slute sille.

It personiel fan it ICT-bedriuw sil no ûnderbrocht wurde yn it kantoar op it Hearrenfean. It giet yn totaal om sa'n 35 wurknimmers. De festiging yn Ljouwert fersoarget op it stuit allinne noch mar kompjûter-opliedings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)