Gjin ûnrêst by VVD Fryslân

02 nov 2012 - 11:19
  • Presintaasje regearakkoart

De VVD Fryslân krijt net in soad sinjalen fan ûnrêst oer de soarchplannen yn it regearakkoart. Oant no ta is der ien sms oer binnenkaam en ek ien telefoantsje. Yn it regearakkoart is opnaam dat de soarchkosten oars ferdield wurde sille. Minksen mei in leech ynkommen hoege dan noch mar 20 euro foar har soarchfersekering te beteljen. Minsken dy't mear as 66.000 euro fertsjinje, sille der sa'n 450 euro yn de moanne op achterút gean. Lanlik makket dat ûnder VVD'ers in soad los. Sy binne der poer op tsjin.

Fryske VVD'ers ha der fertrouwen yn dat de plannen noch wol wat oanpast wurde sille.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)