Gjin ûndersyk rol Steaten by ATF

09 jun 2003 - 00:00

Der komt gjin provinsjale parlemintêre enkête nei de rol fan de provinsje by de brân by ATF. De ChristenUnie en de SP hiene dêr om frege.

Ferline wike waard bekend dat de provinsje al foar de ramp wist dat ATF net foldie oan de miljeufergunning dy't ôfjûn wie. De grutte partijen fine it middel fan in enkête lykwols te swier. Deputearre Baas komt oer trije wike wol mei in wiidweidich rapport oer de kwestje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)