'Gjin ûndersyk matchfixing'

12 aug 2014 - 11:22
  • Tennis

It tennisbûn KNLTB sil sels gjin stappen ûndernimme tsjin tennisser Antal van der Duim fan Finkegea, mar jout it troch oan de Ynternasjonale Tennis Federaasje. Dy moat ûndersykje of der in saak is tsjin de tennisser. Van der Duim wurdt yn ferbân brocht mei matchfixing.

Hy spile moandei op in toernoai yn Dútslân tsjin Boy Westerhof. Van der Duim hie de earste set ferlern mei 6-4 en stie 3-0 achter yn de twadde, mar wûn dy set mei 6-3 en ek de folgjende.

Hoewol't der earst bot achter stie en de wedstriid drige te ferliezen, waard der wol op him wedde. Gokkers bin ferbjustere en stelle dat dit rûkt nei matchfixing. Van der Duim is him fan gjin kwea bewust. Hy wol neat mei gokken te meitsjen ha, sa lit er yn in reaksje witte. Hy seit dat er ek nea benadere is foar soksoarte saken. Ek it ferrin fan de wedstriid fynt Van der Duim net opmerklik. 'It gebeurt wol faker dat je nei in efterstân toch winne', is syn reaksje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)