Gjin ûndersyk ferbod aaisykjen

28 mrt 2001 - 00:00

In ûndersyk nei it effekt op it ferbod op aaisykjen komt der fan it jier net. Dat beslút ha Deputearre Steaten nommen. Mei it each op it gefaar fan tongblierbesmetting mei net ien de greiden yn, aaisikers en ûndersikers net.

Fûgelkundige Bil hie om it ûndersyk frege. Hy begrypt it beslút, mar fynt it ek spitich om't no net dúdlik wurdt oft der healwei april al jonge ljippen binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)