Gjin UIT-festival dit jier troch grutte jildproblemen

03 feb 2016 - 20:48
  • UITfestival Ljouwert

It UIT-festival yn Ljouwert giet dit jier net troch. It festival, dat tradisjoneel it begjin is fan it kultureel seizoen yn de gemeente Ljouwert, krijt de finansiering net rûn no't de finansjele stipe fan dielnimmer Kulturele Haadstêd 2018 fuortfalt op de begrutting.

De ôfrûne trije jier hat dy 75.000 euro bydroegen op in begrutting fan 140.000 euro. Kulturele Haadstêd wol it jild dit jier lykwols brûke foar aktiviteiten en promoasje op nasjonaal en ynternasjonaal nivo.

"Geen harde afspraken"

Saaklik lieder Margret Havinga fan it UIT-festival neamt it tige spitich, mar begrypt it beslút fan Kulturele Haadstêd. "Er waren ook geen harde afspraken gemaakt over hun financiële bijdrage, maar we hadden er voor de komende editie eigenlijk wel op gerekend. Het is nu te kort dag om het hele festival om te gooien." 

Gemeente Ljouwert

It UIT-festival dat dit jier foar de sânde kear yn de Prinsetún organisearre wurde soe, lûkt gewoanwei sa'n 25.000 oant 35.000 besikers. It UIT-festival hat foar de kommende edysje de hope festige op de gemeente Ljouwert. "In oktober dit jaar maakt de gemeente Leeuwarden bekend welke festivals ze structureel gaan subsidiëren. We hopen natuurlijk dat het UIT-festival op hun bijdrage mag rekenen."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)