Gjin twongen noardlik lânsdiel

18 mrt 2013 - 23:48

De foarming fan in noardlik lânsdiel, mei Fryslân, Grinslân en Drinte, moat net út Den Haach wei ôftwongen wurde. Dat sei D66 Twadde Keamerlid Gerard Schouw moandeitejûn op in partijgearkomste yn Ljouwert. Hy wie dêr op útnoeging fan de Fryske bestjoerders en leden, dy't bot mei de saak yn de mage sitte. De Twadde Keamerfraksje fan D66 sjocht grutte foardielen yn it foarmjen fan gruttere provinsjes, omdat dat de bestjoerskrêft ten goede komme soe.

In diel fan de Fryske leden is benaud dat de Fryske identiteit yn in grutte noardlike provinsje ferlern giet. Keamerlid Schouw fynt dat de Fryske bestjoerders net de hakken yn it sân sette moatte, mar serieus ûndersykje moatte oft in fúzje foardiel opsmite kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)