'Gjin twadde JSF-testtastel'

17 mrt 2011 - 11:09
  • De nije JSF moat de opfolger fan 'e F16 wurde

De doarpen by de Fleanbasis Ljouwert freegje de Twadde-Keamerkommisje foar definsje net akkoart te gean mei de oanskaf fan in twadde JSF-testtastel. It tastel is technysk noch net fier genoch ûntwikkele. Boppedat binne de prizen fan de motoaren ek noch net bekend.

As Nederlân de JSF-testtastellen letter keapet, binne se goedkeaper en technysk better. Dêrneist kin der dan mear ûndersyk dien wurde nei lûdsoerlêst, sa fine de doarpen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)