Gjin tv mear fia de eter?

22 nov 2004 - 17:50

Minsken yn it bûtengebiet driigje de ûntfangst fan 'e publike omroppen kwyt te reitsjen. Steatssiktaris Medy van der Laan wol yn 2006 ophâlde mei it útstjoeren fia de eter, omdat dit 12 miljoen euro yn it jier besparret. Op dit stuit binne lykwols sa'n 70.000 húshâldings yn it bûtengebiet ôfhinklik fan 'e útstjoerings fia de ether, omdat se gjin skûtel of kabeloansluting ha.

It Fryske Twadde Keamerlid Joop Atsma sil hjir keamerfragen oer stelle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)