Gjin tunnel yn nije N31

02 apr 2004 - 00:00

Der komt gjin tunnel yn de N31, mar in fiadukt. Dat stiet yn de miljeu effekt rapportaazje dy't it ryk makke hat oer de ferdûbeling fan de dyk Harns-Surch.

Yn 2008 moat de ferdûbeling fan de dyk klear wêze. Bewenners fan Surch binne benaud dat in fiadukt it doarp yn twaën spjalte sil, en wolle dêrom in tunnel. Dat is net helber, konstatearret wethâlder Helder fan de gemeente Wûnseradiel nei bestudearing fan it rapport.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)