Gjin tsjustere nacht op Skylge

07 des 2004 - 17:17

De strjitferljochting op Skylge giet tiisdeitejûn net út. De miljeuwurkgroep op it eilân hie de gemeente frege de strjitlampen út te dwaan, om it eilan sa tsjuster mooglik te meitsjen.

De wurkgroep wol de diskusje oer it brûken fan ljocht op gong bringe. In tal buertskippen op Skylge hie oanjûn it wol sûnder ljocht stelle te kinnen. De gemeente lit de ljcohten oan om't der te min tiid is om it útdwaan fan de ferljochting noch te regeljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)