Gjin Tsjechyske otters

07 feb 2007 - 14:54
  • Tsjechyske otters kinne net fan Fryslân genietsje...

Tsjechië wol foarearst gjin otters oan Nederlân leverje om hjir yn it wyld út te setten. It Tsjechyske ministearje fan Natuer fynt de gebieten dêr't de otters útset wurde soene net goed taret op de komst fan de bisten.

Sûnt 2002 wurdt besocht de otter werom te krijen yn de natuer. Der binne bisten útset yn ûnder oare de Rottige Meenthe yn Súd-Fryslân. Mar dêr is it no te fol om noch mear otters út te setten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)