Gjin trochstart foar winkelketen Halfords

05 des 2014 - 08:22

De winkelketen Halfords makket definityf gjin trochstart. It bedriuw waard yn oktober fallyt ferklearre, mar der wie hoop op in trochstart. No't dy net trochgiet, geanne 130 winkels mei fyts- en autoûnderdielen ticht en ferlieze 450 minsken harren baan. De 28 franchisesaken bliuwe wol iepen.

It is net bekend om hokker bedriuwen it krekt giet. Halfords telde winkels yn Ljouwert, It Hearrenfean, Drachten en Snits.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)