Gjin trochstart foar fallite House of Shoes

30 jan 2015 - 16:15

Der is gjin kâns op in trochstart fan de earder dizze wike fallyt ferklearre winkelketen House of Shoes. De keten fan 28 skuonwinkels hat ek in festiging yn Snits. Neffens de kurator is de kâns op in trochstart sa lyts fanwege de minne ekonomyske tiden.

By de keten wurkje 120 minsken. Der wurdt ûntslach foar harren oanfrege. De winkels bliuwe de kommende tiid ticht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)