Gjin treinstaking yn Noarden?

19 des 2000 - 10:35

NS-personiel yn it Noarden docht tongersdei net mei oan de treinstaking. Fakbûn FNV seit dêrfoar genôch sinjalen krige te hawwen. Dochs kin it foarkomme dat guon treinen út it Westen net ride.

De NS rydt inkeld noch op it trajekt Zwolle-Ljouwert. Op de oare stikken sit Noordned. NS-personiel is lilk oer de 'rûntsjes om de tsjerke', dy't de NS ynfiere wol: koarte, fêste trajekten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)