Gjin treinkaartsje foar fyts en gjin ID: twa kear beboete

15 feb 2016 - 11:24
  • ID-kaart

In 34-jierrige Ljouwerter is sneintejûn oanhâlden om't hy syn fyts meinaam hie yn de trein, sûnder dat hy foar de fyts in kaartsje kocht hie. Doe't de kondukteur him dêr op oanspruts, woe de Ljouwerter net meiwurkje. Hy hie boppedat gjin identiteitskaart by him.

De plysje waard der by helle en dy hat de man foar beide fergripen in boete jûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)