Gjin treinen nei Hurdegaryp

27 okt 2007 - 13:55

Der ride sneon gjin treinen tusken Ljouwert en Hurdegaryp. Dat komt omdat der wurke wurdt oan de spoaroergongen yn de Skrâns en de Oostergowei yn Ljouwert. Reizgers tusken Ljouwert en Hurdegaryp wurde ferfierd mei bussen.

Dy bussen hâlde lykwols net stil op it stasjon yn Camminghabuorren. Wa't fan Camminghabuorren nei Hurdegaryp wol, moat earst de stedsbus nei it haadstasjon yn Ljouwert nimme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)