Gjin trein tusken Grins en Bûtenpost troch wurksumheden

19 okt 2015 - 11:16
  • De trein rydt dit wykein net tusken Ljouwert en Harns

Fanwege wurk oan it spoar ride der kommend wykein gjin treinen tusken Grins en Bûtenpost. Ferfierder Arriva set bussen yn om de reizgers te ferfieren. Dy busreis kin ôfhinklik fan it einstasjon oant in healoere langer duorje.

It is neffens Arriva net mooglik om yn de bus de fyts mei te nimmen. Tusken Bûtenpost en Ljouwert ride wol treinen, mar gjin sneltreinen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)