Gjin trein Bûtenpost-Grins

25 sep 2009 - 20:37

Der ride dit wykein gjin treinen tusken Bûtenpost en Grins, omdat der oan it spoar wurke wurdt. Reizgers wurde mei bussen ferfierd en de reis duorret gemiddeld in heal oere langer as mei de trein. Foar de fertrektiden fan de bussen kin men terjocht op de webside fan arriva en dat is www.arriva.nl.

Foar it reizgjen mei de ferfangende bussen moat men wol in jildich treinkaartsje hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)