Gjin transporten nei Oekraïne

03 aug 2014 - 12:12
  • VidoTrans ferfiert sikehúsbêden

Foar in bedriuw lykas VidoTrans fan It Hearrenfean is it net langer mooglik om saken te dwaan yn Oekraïne. VidoTrans is spesjalist yn helpferlieningstransporten. Jierrenlang brochten se benammen ôfkarde sikehúsbêden nei Oekraïne, Irak en Syrïë.

Troch de oarlochssitewaasje is it no te gefaarlik om nei Oekraïne te gean. Boppedat is it net mooglik om de goede dokuminten te krijen. Sagau't de sitewaasje ferbetteret, hopet VidoTrans wer nei it lân ta te kinnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)