Gjin transfers mear by Cambuur

01 sep 2006 - 00:00

Cambuur hat tongersdei neat mear dien op de transfermerk dy't yn de nacht nei freed om 12 oere ôfsletten waard. De nije oanwinst fan earder dizze wike is ferdigener Koen Stam (19). Dizze jeugdynternasjonal, dy't hierd wurdt fan AZ, stie freedtejûn al yn de basis yn de útwedstryd tsjin VVV.

Cambuur hat ek noch besocht in spits oan te lûken, mar Age Hains Boersma en Marinus Dijkhuizen woene net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)