Gjin topklassearring Mollema

27 aug 2012 - 20:44
  • Bauke Mollema

In topklassearring yn de Ronde van Spanje sit der foar hurdfytser Bauke Mollema fan Ljouwert dit jier net yn. Mollema stiet nei de earste wike op it tsiende plak, op hast 3.30 minút efter klassemintslieder Joaquim Rodriguez.

Ferline jier einige Mollema noch op it fjirde plak yn it einklassemint. Syn efterstân hat er te tankjen oan in minne dei yn de berchrit nei Andorra. Dêr ferlear Mollema hast twa minuten.

De kommende twa wiken sil Mollema besykje syn ploechgenoat Robert Gesink sa goed mooglik te helpen. Dy stiet fyfde yn it algemien klassemint. Pieter Weening fan De Harkema fytst ek mei. Hy is 127e mei in efterstân fan hast in oere op de nûmer ien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)