Gjin tolk by steatekommisje

24 okt 2001 - 00:00

Der komme foarearst gjin tolken by gearkomsten fan 'e ynterprovinsjale steatekommisje. Steateleden út Drinte en Grinslân hiene hjirom frege, omdat se lijen hawwe om it Frysk te ferstean.

Foarsitter Gea van Dijk fan de steatekommisje fynt dat gjin goed idee. Neffens har moatte steateleden dy't it Frysk net fersteane har mar byprate litte troch guon dy't it wol fersteane.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)