Gjin tips oer fermiste man

01 maaie 2012 - 12:03

Der is noch hieltyd gjin spoar fan de 41-jierrige Jelle Merkus út Koatstertille. De plysje hat gjin inkele tip binnenkrigen. Merkus wurdt al in wike fermist. Hy is tiisdeitemiddei foar it lêst sjoen by in kapper by him yn it doarp. Hy is dêrnei fuortriden yn in griene Opel Corsa, in auto dy't er liende fan syn mem. Merkus hie woansdei in ôfspraak by it UWV yn Dokkum, mar is dêr net opdaagjen kaam.

Wa't mear wit oer Jelle Merkus, wurdt frege kontakt op te nimmen mei de plysje op 0900-8844.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)