Gjin thúsfoardiel Flyers

21 feb 2010 - 00:36

De Hajé Flyers binne der net yn slagge om de play-offs mei thúsfoardiel útein te setten. De iishockeyers fan It Hearrenfean hiene sneon fan Den Haach winne moatten om sadwaande by de bêste fjouwer te einigjen. De Hagenezen wûnen lykwols fia de perioadestannen 2-1, 1-3 en 0-1 mei 5-3.

De Flyers binne no fiifde wurden en begjinne woansdei mei de play-offs. Snein wurdt bekend wa't de tsjinstanner wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)