Gjin teater yn Snits

02 jun 2006 - 15:54

Snits sit de kommende trije oant fjouwer jier sûnder teater. It is de gemeente net slagge om in tydlik ûnderkommen te finen. Dat betsjut dat der de kommende jierren gjin grutte teaterfoarstellings binne yn Snits.

It kontrakt mei CineSneek rint mei yngong fan 1 jannewaris ôf en in nij teater is der foarearst noch net. De C-Kanhal, in sporthal oan de noardkant fan Snits, wie in lêste opsje. Mar dy hal moat sloopt wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)