Gjin tastimming Frisia-buizen

11 feb 2003 - 00:00

De VVD Frjentsjerteradiel wol dat de gemeente gjin tastimming jout oan sâltwinning Frisia om buizen te lizzen yn gemeentegrûn. It giet om it ferfier fan pikelwetter fan de boarlokaasje by Seisbierrum nei it fabryk by Harns.

In protte minsken binne op it winnen fan sâlt tsjin omdat hja bang binne dat de grûn sakket. De gemeenteried is ek tsjin de winning, mar ûndernimt fierders gjin aksje, om't it in saak fan it Ryk is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)