"Gjin tasizzing dien oer VUT"

05 jan 2006 - 17:10

De direksje fan transportbedriuw Vos Logistics hat twa wurknimmers út Gerkeskleaster nea in hurde tasizzing dien dat se oant har VUT yn tsjinst bliuwe koene.

De twa bruorren De Vries (58) waarden twa jier lyn op in tydlik kontrakt yn Surhústerfean yn tsjinst naam, nei't se har wurk by Broersma kwytrekke wiene. Der soe har tasein wêze dat se oant har VUT, oer twa jier, yn tsjinst bliuwe koene. Direkteur Remmers ûntkent dat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)